Nije Fryske Bibel Oersetting

Opset en stân fan saken

 It doel fan de Stifting YKFE-FBO is om in nije Bibeloersetting yn it Frysk ta te rieden om it Wurd fan God yn hjoeddeisk Frysk fersteanber te meitsjen

Utgongspunten foar it oersetten 

De Bibeltekst wurdt oerset fan de wenstige boarneteksten yn hjoeddeisk Frysk. By it oersetten wurdt rekken hâlden mei eigenskippen fan taal, kultuer, kontekst en tekstskiednis. De oersetmetoade giet fan de folgjende útgongspunten út: de betsjutting fan de boarnetekst wurdt rjocht dien en oerset yn begryplik Frysk; de oersetting wurdt dêrby net begrypliker of moaier makke as de boarnetekst is. By dit alles jildt as tekst in bibelboek en wurdt net út losse wurden wei oerset.