6 minutes, 47 seconds

Basisynformaasje Projekt Fryske Bibeloersetting (FBO)

In projekt fan de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst
Septimber 2020

Doelstelling

It projekt Fryske Bibeloersetting (FBO) hat as doel in nije Bibeloersetting yn it Frysk ta te rieden en wol it Wurd fan God yn hjoeddeisk Frysk fersteanber meitsje.

Organisaasje

Ut namme fan de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) liedt de Wurkgroep Fryske Bibeloersetting (WFBO) it projekt FBO, dat de Fryske Bibel ta stân bringe sil.
De WFBO fungearret as einredaksje foar it projekt; de koördinator makket hjir diel fan út. De WFBO beslist oer de tekst en leit dizze oan de YKFE foar.
It projekt wurket mei in tal oersetters, noch neier fêst te stellen, foar it Alde Testamint en it Nije Testamint. Fergoedings foar it wurk fan oersetters, koördinator en WFBO wurde regele troch de YKFE. De Classis Fryslân fan de Protestantse Kerk in Nederland (PKN) hat yn oktober 2018 har stipe oan it projekt tasein. Salang’t it proses rint, binne der in stikmannich meilêsgroepen. De Fryske Akademy sil oer it Fryske taalgebrûk rieplachte wurde.

Oersetproses

It oersetwurk wurdt útfierd troch oersetters dy’t sawol de boarnetekst as it Frysk kenne. It proses bestiet út ferskate fasen dêr’t de oersetting hieltyd foar in part yn foarlein wurdt oan ’e redaksje, dy’t mei de oersetters oerlis hat oer ferbetterings en úteinlik de tekst fêststelt. Der is in eksterne omgong dêr’t de tekst yn foarlein wurdt oan in tal meilêsgroepen mei eksplisite fragen oer lêsberens en begryplikheid. Oan de foarlêsberens wurdt ek omtinken bestege.

Utgongspunten foar it oersetten
Ynlieding De Bibeltekst wurdt oerset fan de wenstige boarneteksten yn hjoeddeisk Frysk. By it oersetten wurdt rekken hâlden mei eigenskippen fan taal, kultuer, kontekst en tekstskiednis. De oersetmetoade giet fan de folgjende útgongspunten út: de betsjutting fan de boarnetekst wurdt rjocht dien en oerset yn begryplik Frysk; de oersetting wurdt dêrby net begrypliker of moaier makke as de boarnetekst is. By dit alles jildt as tekst in bibelboek en wurdt net út losse wurden wei oerset.

Taal Oersetten wurdt dien fan de iene taal, de boarnetaal, yn de oare, de doeltaal. Talen ferskille yn wurdgebrûk, sinskonstruksje, idioom, ensfh. It Hollânske ‘Ik heb … nodig’ is yn it Frysk ‘Ik bin … nedich’; it Ingelske ‘I need to eat’ wurdt ‘ik moat nedich ite’. It is dúdlik dat ‘bin’ net ‘heb’ betsjut, mar dat it giet om de hiele útdrukking, it idioom. Sa ferskilt de grammatika ek fan taal ta taal. Yn Numeri 6:26 set de NBV oer: ‘moge de HEER u vrede geven’, de BGT hat ‘de Heer zal jullie vrede geven’, wylst hjir taalkundich sjoen better sein wurde kin: ‘laat de Heer voor jullie vrede bereiden.’ Foar de FBO geane wy der primêr fanút dat de ferskillen tusken boarnetaal en doeltaal net werom te sjen binne yn de oersetting; de oersetting foldocht oan de taalrigels fan it Frysk.

Kultuer De bibelteksten komme út in oare tiid en kultuer as dy fan ús. Dat ferskil bliuwt te sjen yn de oersetting. Kulturele saken (mjitten en gewichten, beroppen ensfh.) wurde oernommen sa’t se yn ’e bibeltekst funksjonearje: in sjekel wurdt gjin euro. De kontekst makket hast altiten dudlik wêr’t it om te rêden is. Wêr’t de doeltekst ûnbegryplik wurdt (byg. yn in metafoor of ferliking), kin in eksplisitearring helpe. Faaks soe in list mei soksoarte termen efteryn de oersetting taheakke wurde kinne.

Tekst Wy sette de tekst oer as gehiel, wurden hawwe in funksje binnen in sin, sinnen krije har betsjutting binnen it gehiel fan ’e tekst. In bibelboek is de tekst, perikopen wurde begrepen en útlein binnen dat gehiel, en sels it bibelboek stiet yn in bredere kontekst fan oare bibelboeken en binnen de yntertekstualiteit fan it Hebriuwske of Grykske tekstkorpus wat kultuer en skiednis oanbelanget. De kontekst fan it oangeande bibelboek is altiten primêr. Dat betsjut dat bygelyks Jesaja 9 en 11 net oerset wurde yn it ljocht fan in NT-tekst.

Wurdwerhelling As binnen ien tekstgehiel (bibelboek of perikoop) in bepaald wurd (of begryp: útdrukt yn in oare wurdsoart) mear as ienris foarkomt, dan hawwe wy te krijen mei in motyf of, op tekstnivo, mei in tema. Yn de oersetting moat in motyf of tema altiten sichtber bliuwe. Dat hoecht lykwols net altiten mei itselde wurd. In oar wurd binnen itselde wurdfjild (leafde, leavje, beminne, byg.) of in sinonym kin ek foldwaan, lykas in omskriuwing, as de doeltaal dêrom freget. De kontekst yn de doeltekst jout de trochslach, om’t somtiden yn de doeltaal in oar wurd nedich is.

Eigenens Oersetten is transformearjen. De regels fan de boarnetaal binne net dy fan de doeltaal. Sa is bygelyks de sinsbou fan de boarnetalen (lingte fan sinnen, gebrûk fan mulwurden, fokus troch sinfolchoarder) tige spesifyk en oars as dy fan it Frysk. It eigene fan de boarnetaal wurdt omset yn de foarm fan it Frysk, mar de eigenheden fan ‘e tekst bliuwe behâlden yn de oersetting. Oersetten is kommunisearjen.

Foarbyld. Yn Jehannes 1:1 giet in oersetting lykas ‘It begjin fan alles wie it Wurd’ tsjin ús útgongspunt yn (NFB-1978: ‘Yn it begjin wie it Wurd der’). It is net wat it Gryks seit en follet sûnder reden yn foar de lêzer.

Doeltaal De doeltaal is Frysk, benammen hjoeddeisk Frysk. Wurden wurde net yn it foar útsletten en úteinlik sille de meilêsgroepen en de Fryske Akademy rieplachte wurde oer it wurdgebrûk. It mei lykwols helder wêze dat yn in tekst fan likernôch twatûzen jier lyn saken neamd wurde dy’t wy net mear hawwe (realia, beroppen en soksawat) en dêr’t gjinhjoeddeisk wurd foar te finen is.Yn sokke gefallen sil in wurd ynset wurde dat mooglik ferâldere is, mar wol de betsjutting goed werjout.

Oersette, net útlizze Oersetten wurdt dien foar minsken dy’t de boarnetaal net lêze kinne, oft dat no Ingelsk of Hebriuwsk is. De boarnetaal wurdt dêrom oerset yn begryplik Frysk en net yn in foarm dy’t allinnich begryplik is foar minsken dy’t de boarnetalen kenne. Mar de oersetter moat der ek om tinke dat er de kennis dy’t er hat (en dy’t net as sadanich yn de tekst stiet) net yn de oersetting bringt. Der is in skerp ferskil tusken oersetten en útlizzen. Utlizzen kin him uterje yn mear sizze as ‘wat der stiet’, mar likegoed yn minder sizze as wat der stiet, troch inkeld de wurden te folgjen sûnder regaad te slaan op de betsjutting. Eksplisitearjen kin allinne by ûnbedoelde ûndúdlikens, byg. by de protte kearen yn de Evangeeljes dêr’t in stik begjint mei ‘hy’, as Jezus bedoeld is en de lêzer dat net daliks witte kin.

Byldspraak Byldspraak wurd hanthavene. As de betsjutting foar de lêzer ûnbegryplik is, kin in eksplisitearing nedich wêze.

Sitaten By sitaten wurdt strang binnen de sitearjende kontekst oerset. Yn alle gefallen jildt dat taalkunde, de linguistyske analyze, boppe de eksegese giet.

Oersetters De oersetters hawwe in tsjinjende rol oangeande sawol boarnetekst as doeltekst. Respekt foar de boarnetekst (sa’t dy der leit) betsjut dat men net weromfalle kin op ’e ‘bedoeling fan ’e skriuwer’ en respekt foar de doeltekst betsjut dat men net weromfalle kin op it oanwêzich achte ‘begryp fan ’e lêzer’.

Foarbyld. In oersetting as ‘Ik ben de weg. Bij mij is de waarheid’ (Jehannes 14:6 BGT; NFB- 1978 ‘Ik bin de wei, de wierheid’) docht de foarm fan ’e boarnetekst gjin rjocht en folt te folle yn foar de lêzer.

De hâlding fan ’e oersetters foar de boarnetekst oer is profesjoneel en respektfol om derfoar te soargjen dat teologyske en kultuerele ûnderstellings de tekst net foar de fuotten rinne. Net wat wy ferwachtsje soene is liedend, mar de grammatika en de tekstopbou fan ’e boarnetekst.

YKFE/WFBO/L190219 PROJEKT FRYSKE BIBELOERSETTING

Was this article helpful?