5 minutes, 50 seconds

Prosedure Bibeloersetten

Wurkgroep Fryske Bibeloersetting fan de YKFE 25 augustus 2020

It op ‘e nij oersetten fan de Bibel yn de Fryske taal is troch it bestjoer fan de YKFE delegearre oan de Wurkgroep Fryske Bibeloersetting.
De Wurkgroep bestiet út fjouwer redaksjeleden en trije fertsjintwurdigers fan de YKFE en wurdt bystien troch in sekretaresse (Titia van Milgen) en twa kontroleurs Fryske taal (Hindrik Sijens en Cor Waringa).
Fertsjinwurdigers fan de YKFE binne: Drs. Lútsen Kooistra (foarsitter), Dick de JongOzn (finânsjes en planning) en Bob Pruiksma (algemiene saken).
Leden fan de redaksje binne: Dr. Liuwe Westra (nijtestamintikus), Prof. Dr. Eep Talstra (âldtestamintikus), Dr. Lénart de Regt (0ersetkoördinator by de UBS en kontaktman ETCBC) en Prof. Dr. Rolf Bremmer (frisist).

Prosesbeskriuwing:

AlgemienLiuwe Westra hat as redakteur de ferantwurding foar it oersetten fan de bibelboeken út it Nije Testamint.
Eep Talstra en Lénart de Regt hawwe as redakteuren de ferantwurding foar it oersetten fan de bibelboeken út it Alde Testamint.
Bob Pruiksma hâldt as koördinator de administraasje fan it oersetproses by, gebrûk meitsjend fan in matrix fan bibelboeken, gearstald troch Lieuwe van Kampen. De kompjoeteroersetting fan it ETCBC (AT) krijt it predikaat F0.
F1De redaksje stelt fêst wa’t fan de mooglike oersetters earst frege wurdt in oersetpriuwke te meitsjen. As de redakteur AT/NT it priuwke goedkard hat, dielt hy de namme fan de nije oersetter mei oan de redaksje.
De redakteur beslút nei oerlis mei de oersetter mei hokker bibelboek dy oan it wurk giet. In earste oersetting krijt it predikaat F1.
F2De oersetters wurkje yn it kompjoeterprogramma Paratext en meitsje gebrûk fan de op de webside fan de Fryske Akademy online te rieplachtsjen Frysk Hânwurdboek en staveringshifker.
De redakteur hâldt as it nedich is tidens it oersetproses kontakt mei de oersetter en jout kommentaar op de oersettingen like faak as nedich is om ta in oersetting te kommen dy’t neffens him opnommen wurde kin. It dokumint mei de troch de redakteur oanbrochte korreksjes krijt it predikaat F2.By bliuwend ferskil fan miening tusken oersetter en redakteur wurde de oare redaksjeleden en/of de YKFE-wurkgroepleden rieplachte.

F3 It dokumint, dat klear is krijt it predikaat F3 en wurdt tastjoerd oan de koördinator, dy’t kontroleart of de oersetting korrekt yn Paratext opnommen is.

F4Rolf Bremmer hat as redakteur de ferantwurding foar de wize fan brûken fan de Fryske taal. De troch de redakteuren Liuwe Westra, Eep Talstra en Lénart de Regt goedkarde definityve teksten (F3) wurde troch de koördinator foarlein oan Hindrik Sijens of Cor Waringa foar kontrôle op it soarte taalgebrûk Frysk en de styl fan skriuwen. Sijens en Waringa dogge it wurk neffens de kriteria dy’t dêrta troch de wurkgroep feststêld binne en lizze harren kommentaren foar oan Rolf Bremmer as earstferantwurdlik redaksjelid foar wat it soarte Frysk en de styl oanbelanget.

YKFE/WFBO/B200520 Prosedure Bibeloersetten

F7 Dokuminten mei it predikaat F6 wurde troch de koördinator nei de Afûk stjoerd. De Afûk kontroleart op flaters lykas typeflaters en tapassing van lêstekens. Dokuminten neisjoen troch de Afûk krije it predikaat F7.

F8 page2image1672512 page2image1672704Dokuminten mei it predikaat F7 wurde –as alle bibelboeken oerset binne- troch de koördinator oerlange oan it NBG fia Paratext.

N.B.

By it sykjen nei betûfte meilêzers falt bygelyks te tinken oan leden fan it kommittee fan oanrekommandearders, lykas: W. Beekman klassis-predikant Fryslân, P. Bergsma Ried fan de Fryske Beweging, J. Folkerts foargonger Bethel Drachten, H. Feenstra algemien direkteur Prisma, A. G. Hoekema dosint Doopsgezind Seminarie, S.E. Huismans foarsitter Krúspunt, O. de Jong skriuwer, C. van der Kooi em. heechleraar systematyske teology VU, B. Looper direkteur Tresoar, S. van der Meer âld-foarsitter NBG, J.J. Poutsma deputaatskip Fryske Earetsjinsten GKV, R. Roukema heechleraar iere kristendom PthU, pastoar L. van Ulden, M. Veen Ried fan Tsjerken Fryslân en H. Wagenaar pionier Nijkleaster.
De Wurkgroep beslút of de minsken dy’t harren as meilêzer oanmelde hearre by de kring fan betûfte meilêzers dan wol by de ‘lekenlêzers’ as bedoeld yn de folgjende allinea.

Wat it omgean mei ‘lekenmeilêzers’ oanbelanget: hoe mear minsken belutsen wurde as meilêzer, wat grutter it draachflak foar de nije oersetting. Út ûnderfining mei it oersetten fan it Lieteboek witte wy, dat ek dyjinge dy’t de kâns op ynspraak benut hat, oer it algemien tefreden is oer dy mooglikheid, ek al is syn/har opmerking net honorearre.
Út deselde ûnderfining witte wy ek, dat de bulte wurk, dy’t de meilêzers de redaksje besoargje oer it algemien wal tafalt. It grutste part fan it Fryske folk sil gjin nocht ha oan it kritysk trochlêzen fan de hiele bibel.
Sa no en dan levert it wol in momint fan: dat hiene wy no tafallich oer de kop sjoen.

Fryske Bibeloersetting

By bliuwend ferskil fan miening tusken redakteur en Sijens/Waringa wurde alle wurkgroepleden rieplachte. De wurkgroep nimt it finale beslút nei oerlis mei de oersetter. It dokumint, dat klear is krijt it predikaat F4.
De koördinator meldt de ponghâlder fan de Stifting YKFE/FBO dat in bibelboek klear is en de oersetter betelle wurde kin.
AlgemienAlle ynhâldlike ôfspraken makke nei diskusje tusken redaksjeleden en de oersetters en ôfspraken oer it soarte te brûken Frysk nei diskusje tusken Rolf Bremmer en Sijens/Waringa nimt de koördinator op yn in konvinsjelist, dêr’t elstenien him/har oan hâlde moat.
F5De mei it predikaat F4 fêststelde oersettingen wurde foarlein oan in tal saakkundige meilêzers, dêrta frege troch de wurkgroep. De meilêzers stjoere eventuele foar te stellen korreksjes mei alternative oplossingen nei de koördinator, dy’t al of net yn oerlis mei de oare redaksjeleden en de oersetter fan it bibelboek selektearret hokker mooglike ferbetteringen yn oanmerking komme foar oerlis yn de wurkgroep. Nei fêststellen fan al of net oanpassen krijt it dokumint it predikaat F5.
F6Dokuminten of dielen fan dokuminten mei it predikaat F5 wurde publisearre op de website fan it NBG/WFBO en middels publikaasjes yn it Deiblêd al of net mei foarbylden fan F5-teksten tagonklik makke foar grutter publyk.
Wa’t opmerkings hat oer de nije oersettings stjoert dy opmerkings mei foarstellen ta ferbettering skriftlik oan de koördinator, dy’t eventueel yn oerlis mei de wurkgroep klusters makket fan mei mekoar oerien kommende opmerkings.De wurkgroep organisearret twa kear yn ‘t jier in gearkomste dêr’t eltsenien dy’t meiprate wol wolkom is. De troch de koördinator selektearre klusters wurde troch de redaksjeleden besprutsen by dizze publyksgearkomsten. Nei eventuele oanpasssingen troch de koördinator oanbrocht yn de dokuminten, krije dokuminten it predikaat F6.

page2image1587840page2image1588032

YKFE/WFBO/B200520 Prosedure Bibeloersetten

Was this article helpful?