Utgongspunten foar it oersetten 

De Bibeltekst wurdt oerset fan de wenstige boarneteksten yn hjoeddeisk Frysk. By it oersetten wurdt rekken hâlden mei eigenskippen fan taal, kultuer, kontekst en tekstskiednis. De oersetmetoade giet fan de folgjende útgongspunten út: de betsjutting fan de boarnetekst wurdt rjocht dien en oerset yn begryplik Frysk; de oersetting wurdt dêrby net begrypliker of moaier makke as de boarnetekst is. By dit alles jildt as tekst in bibelboek en wurdt net út losse wurden wei oerset.